Migrênebehanneling poerbêst

© Omrop Fryslân
It Antoniussikehûs yn Snits en De Sionsberg yn Dokkum hearre by de fyftjin bêste sikehuzen yn de behanneling fan migrêne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Konsumintebûn.
It bûn hat by 61 sikehuzen yn Nederlân sjoen nei it oanbod fan mooglikheden foar de behanneling fan migrêne. Dan giet it ûnder oare om it brûken fan in migrênedeiboek en oft in pasjint in fêste neurolooch hat. De fyftjin bêste sikehuzen foldogge oan alle easken.