Frou slein troch ynbrekker

Ynbraak © Omrop Fryslân
In 54-jierrige frou út Akkrum is sneintejûn yn har wente oan de Griene Eker slein troch in ynbrekker. Se siet yn de wenkeamer doe't se boppe leven hearde. Doe't se sjen soe wat der wie, stie se ynienen each yn each mei in ûnbekende man. Dy joech de bewenster in pear klappen wêrnei't er útnaaide.
It is noch ûndúdlik oft de ynbrekker ek wat stellen hat. De frou rekke licht ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.