Event Groen takom jier wer

© Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Event Groen yn it WTC Expo yn Ljouwert kriget takom jier in ferfolch. De griene beurs luts ferline wike 10.000 besikers. Foar in grut part wiene dat gjin beteljende besikers, want de organisaasje hie 80.000 frijkaarten útdield. Omdat de beurs foar it grutste part sponsorse wie, is de organisaasje wol út de kosten.
Der kamen 450 ûndernimmers út it noarden fan Nederlân op de beurs ôf. Doel fan it evenemint wie om konsuminten yn kontakt te bringen mei duorsume produkten en duorsume wizen fan bouwen.