Plan foar fiskmigraasje

In spesjale fiskmigraasjerivier dwers troch de Ofslútdyk hinne soe it yn de takomst folle makliker meitsje moatten foar fisk om fan de Iselmar nei de Waadsee en werom te swimmen. It leefgebiet foar de fisk wurdt dêrtroch flink grutter en dat soe goed wêze foar de weromrinnende fiskstân yn de Iselmar. It giet dan ûnder oare om spjirring, ansjosfisk en hjerring.
It plan komt fan de stifting Ferantwurde Behear Iselmar, Sportfiskerij Nederlân en de Waadferiening. Neffens harren hawwe de belutsen provinsjes entûsjast reagearre.