Flylân bêste ynternetgemeente

De fjoertoer fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Flylân is troch Google útroppen ta bêste ynternetgemeente fan Fryslân. Neffens ûndersyksburo SEO makket Flylân it bêste gebrûk fan de ekonomyske kânsen fan it ynternet.
It buro hat foar Google ûndersocht hokker bedriuwen it meast gebrûk meitsje fan ynternet. De priis wurdt foar de twadde kear útrikt. Lanlik is Naarden de winner wurden.