Tal WW-útkearingen nimt ôf

It tal minsken mei in WW-útkearing is yn Fryslân de ôfrûne moanne ôfnaam. It giet om in delgong fan 2,4 persint yn fergelyk mei de moanne augustus. Dat komt del op 426 minder útkearings. Dit komt benammen omdat der mear minsken oan it wurk binne yn de bou en de yndrustry. Ek by útstjoerburo's wurde mear wurknimmers yn dizze sektoaren socht.
Fryslân docht it yn fergelyk mei de rest fan Nederlân goed. Lanlik nimt it tal útkearings ta.