Brân skuorre pleats Nij Beets

© Sicco Riedstra
Yn in skuorre fan in pleats oan de Domela Nieuwenhuiswei yn Nij Beets hat tongersdeitemoarn brân west. De brân ûntstie yn de nok fan it dak en der kaam in soad reek frij. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Om't der noch kij yn de skuorre stiene, skaalde de brânwacht op nei middelbrân, sadat der mear brânwachtminsken kamen om te helpen de kij út de skuorre te heljen.
De kij meitsje it neffens de brânwacht goed. De skea oan de skuorre falt ta.