Plysje pakt fytsedief
In 59-jierrige man út De Gordyk is woansdei op it Suster Romkespaed yn syn wenplak oanhâlden nei't hy in fyts stellen hie. De man moast mei nei it plysjeburo. Dêr krige hy in boete fan 250 euro. De man hie de fyts stellen yn de Haadstrjitte.