Festival betinkt fal muorre

15 okt 2014 - 21:50
  • In byld út de film '1989'

Op it Noardlik Film Festival yn Ljouwert is op 5 novimber in film te sjen oer de fal fan de Berlynske muorre. It is 5 novimber 25 jier lyn dat de muorre delhelle waard. De film sil fia in spesjale ferbining op mear as 20 plakken yn Europa fertoand wurde.

Dat jildt ek foar it debat dat oanslutend hâlden wurdt. Dêr kin fia sms en twitter oan meidien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)