Plysje bart tûzenen euro's yn

In eardere ferkearskontrôle © Anton Kappers
De plysje hat de ôfrûne wiken op ferskate plakken yn de provinsje auto's kontrolearre oan de hân fan kentekens. Belangrykste doel wie it opspoaren fan ynbrekkers. Neffens de plysje is in tal fertochte persoanen ûndersocht. Dêrneist waard foar 17.000 euro oan noch net betelle boetes ynbard en waarden sân auto's yn beslach naam. Ek waarden tolve bekeurings útskreaun foar ferskate ferkearsoertrêdings.