Otto Bekius byset yn Britsum

De Nederlânske fersetsstrider Otto Bekius is woansdei troch syn famylje byset op it tsjerkhôf fan Britsum. Bekius is berne yn 1925 op It Bilt en ferstoar yn augustus yn Kanada. Hy spile in wichtige rol yn de Twadde Wrâldoarloch en krige letter in Verzetsherdenkingskruis. De famylje Bekius is al sûnt de 18de ieu ferbûn oan Britsum. It wie de winsk fan de famylje om de famyljeskiednis byinoar te hâlden.
Yn syn testamint hat Otto Bekius de stifting Alde Fryske Tsjerken neamd. Nei oanlieding fan dy donaasje en de bysûndere famyljeskiednis hat de stifting de namme en stjerdatum fan de Kanadees tafoege op in famyljeplakkaat yn de tsjerke.