Gaos op rotonde Wurdumerdyk

15 okt 2014 - 15:46

In minyrotonde moast twa jier lyn de ûndúdlikheid fuortnimme op de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Mar foar ferskate ferkearsdielnimmers is de gaos noch altyd grut. Tûzenen fytsers en fuotgongers geane rjochting de winkels en auto's ride tagelyk de parkeargaraazje yn en út. Foar in soad minsken bliuwt it ûndúdlik wa't foarrang hat. Neffens rydynstrukteur Tamme Kamstra moatte tefolle minsken gebrûk meitsje fan in te lytse rotonde.

Foar automobilisten is it net helder dat se op de rotonde net rjochtsôf meie as se út de kelder fan it Saailân komme.

Neffens de gemeente is it krekt de bedoeling dat de rotonde sa wurket. Om't it net yn ien kear dúdlik is, sjogge ferkearsdielnimmers better út. Dit is it saneamde 'shared space' prinsipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)