Sulveren topstikken ferkocht

15 okt 2014 - 13:57

De twa sulveren topstikken dy't tiisdei by feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts ûnder de hammer kamen, binne beide yn Fryslân bleaun. It sulveren 'knottekistke út 1650 is foar goed 14.000 euro kocht troch it skipfeartmuseum yn Snits. Sa'n kistke waard eartiids troch in jonge oan syn freondinne jûn. Op it momint dat se it oannaam en iepenmakke betsjutte dat dat se ferloofd wiene.

It oare stik wie in sulveren keatsbal en dy is foar 6.400 euro kocht troch juwelier Kramer út Frjentsjer, hy is sulversmid en makket sels ek sulveren keatsballen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)