Dúnsân Bakkefean wurdt opknapt

14 okt 2014 - 21:37
  • De dunen by Bakkefean

It Dúnsân yn Bakkefean wurdt lang om let oanpakt. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat jild beskikber steld om it toeristyske gebiet in opknapbeurt te jaan. It giet om in bedrach fan goed 1,7 miljoen euro. Ek de provinsje stekt mear as 8 ton yn it projekt. It is de bedoeling om it Dúnsân wer by de tiid te krijen. It terrein is neffens de gemeente op dit stuit fersliten.

It Dúnsân is benammen foar de ûndernimmers yn it doarp wichtich. Toeristen kinne hjir op ferskate wizen rekreëarje, en dat smyt jild op.

As de ried akkoart giet mei it plan, sil yn 2015 de skeppe de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)