Winne fan golftalint súksesfol

14 okt 2014 - 20:40

It winnen fan golftalinten op It Amelân docht fertuten. Snein wurdt foar de tredde kear de golf-talintejacht hâlden. Dit is in wedstryd dêr't 30 skoalbern fan it eilân oan meidogge. Se binne selektearre út de heechste klassen fan de fjouwer basisskoallen op it eilân. De bêste tsien learlingen krije in golfoplieding op it eilân oanbean. En de alderbêste golfer krijt de titel 'golftalint 2014'.

De golfskoalle op It Amelân wol graach bern oan it golf krije. Mei súkses; de winners fan de ôfrûne jierren spylje noch hieltyd.

Trefwurden: 
It Amelân golf golfskoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)