Epke noch altyd yn de wolken

Turner Epke Zonderland is noch hieltyd yn de wolken neidat er dit wykein yn Sina syn twadde wrâldtitel op rekstôk pakte. Tiisdei kaam de Lemster wer werom yn Nederlân, nei in flucht fan mear as tolve oeren. De ôfrûne dagen stiene benammen yn it teken fan ynterviews en offisjele gearkomsten.
De turner hopet de kommende tiid wat mear tiid foar himsels te krijen, foardat er him wer op syn stúdzje en it turnjen fokust. Takom jier stiet in wichtich WK yn Glasgow op it program, dêr't ek tickets foar de Olympyske Spelen yn Rio helle wurde kinne.