Botsing trije auto's Ljouwert

14 okt 2014 - 16:50
  • Botsing mei trije auto's yn Ljouwert

Op de Archipelwei yn Ljouwert binne tiisdeitemiddei trije auto's op elkoar botst. De foarste auto remme omdat in fuotgonger oerstekke woe op it sebrapaad. De twa auto's dy't dêr achter rieden koene net mear op tiid remje en botsten boppe-op mekoar.

Der rekke net ien ferwûne by de botsing. Wol hie it ferkear hinder fan de oanriding omdat ien rydstrook ôfsletten wurde moast foar it plysje-ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)