Polderhoofdkanaal moat ein 2014 klear

14 okt 2014 - 16:45

Subsydzjeferstrekker SNN jout foarearst noch gjin ferlinging oan de wurksumheden oan it Polderhoofdkanaal. De deadline om it kanaal befarber te meitsjen leit no op 31 desimber fan dit jier. De SNN wol noch net foarút rinne op it senario as dy deadline net helle wurdt. Dat seit wethâlder Rob Jonkman fan de gemeente Opsterlân.

De wurksumheden lizze op skema, mar romte foar ûnferwachte saken is der net. De planning is krap. Dat komt troch juridysk opûnthâld, mar ek troch de ûntdekking fan boaiemfersmoarging en de kwaliteit fan de wâl.

Jonkman is optimistysk en giet der fanút dat it Polderhoofdkanaal op 1 july takom jier hielendal klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)