Nij Foodgrade Warehouse H'fean

14 okt 2014 - 16:31

Bakker Internationale Transporten lit op It Hearrenfean in nij saneamd Foodgrade Warehouse bouwe. Freed giet dêrfoar de earste peal de grûn yn. Op yndustryterrein De Kavels komt in gebou fan 5400 kante meter te stean dat 13 meter heech is. It gebou wurdt duorsum en enerzjysunich boud. Op it dak wurdt 5000 kante meter oan sinnepanielen dellein.

Transportbedriuw Bakker hat elke dei 22 frachtweinkombinaasjes op 'e dyk. Dy ferfiere produkten foar supermerken en gruthannels yn ferskate lannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)