Spoedplaatsopname by De Lawei

14 okt 2014 - 15:48

Yn skouboarch De Lawei yn Drachten fynt tiisdei en woansdei in saneamde "spoedplaatsopname" plak. Doel fan de opname is dat fêstlein wurdt hoe't it krekt mei de ferbou fan de skouboarch is. Nei dizze ynventarisaasje krijt De Lawei de kaai fan it bouplak werom en kin der fierder wurke wurde.

Ofrûne freed bepaalde de ried fan arbitraazje foar de bou dat de skouboarch 2,4 miljoen betelje moat oan boubedriuw Van Norel. In boaiemproseduere moat útmeitsje wa't úteinlik foar de kosten opdraait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)