Cambuur ferliest fan Heracles

14 okt 2014 - 15:34

SC Cambuur ferlear tiisdei de oefenwedstriid tsjin Heracles yn Almelo mei 4-2. Beide klups spilen net hielendal yn harren sterkste opstelling, omdat se harren spilers sparje wolle foar de wedstriden dit wykein.

Nei in healoere kaam Cambuur op efterstân. Erik Bakker makke flak foar rêst de lykmakker út in penalty. Nei rêst kaam Heracles op 'e nij op foarsprong, wêrnei't Dejan Meleg foar de 2-2 soarge. Ald-Hearrenfeantalint Menno Heerkes makke de 3-2. Foar Heracles skoarde Aleksei Kangaskolkka de oare trije goals.

Foar Cambuur wachtet snein de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)