Kameleon no ek as Fryske strip

14 okt 2014 - 15:07

It ferneamde boek 'De schippers van de Kameleon' fan skriuwer H. de Roos is no ek as Frysk stripboek te lêzen. It ferhaal is yn byld omset troch striptekener Dick Matena. De striptekener makke earder al stripbewurkingen fan berneboeken lykas Pietje Bell, Kruimeltje en Afke's tiental.

It earste boek oer Hielke en Sietse ferskynde yn 1949. De súksesfolle nei-oarlochske berneboekesearje waard mear as hûndert kear werprinte. It Frysktalige stripboek ferskynt by de Afûk yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)