Mollema bêste Nederlanner

Bauke Mollema nei de tiidrit © ANP
Hurdfytsers Bauke Mollema fan Ljouwert is as bêste Nederlanner einige yn it klassemint fan de wrâldtoer. De Ljouwerter stiet op it 19e plak en hâldt dêrmei Tom Dumoulin op it 21e plak en Niki Terpstra (26e) efter him. Mollema ried dit jier foar de Nederlânske Belkin-ploech, mar fytst takom jier foar it Amerikaanske Trek Factory Racing.
Lieuwe Westra en Pieter Weening einigen bûten de top hûndert.