Annema lieder nij mediasintrum

14 okt 2014 - 13:26
  • Omrop

Ald-útjouwer Siebe Annema fan de Ljouwerter Krante is beneamd ta projektlieder fan in nij op te setten Frysk Regionaal Mediasintrum. Dat sintrum moat de takomst fan de regionale sjoernalistyk garandearje en foar fernijing soargje.

Doel is dat der yn it sintrum gearwurke wurdt troch de regionale kranten, lokale omroppen en Omrop Fryslân. It sintrum moat ûnder oare soargje foar in platfoarm op ynternet. Siebe Annema bliuwt projektlieder oant 1 jannewaris 2016.

Provinsje Fryslân hat ôfrûne simmer besletten om foar 2014 en 2015 jild beskikber te stellen foar in ûndersyk nei it opsetten fan in Regionaal Mediasintrum yn Fryslân. Op dizze wize wol de provinsje tegearre mei de mediabedriuwen yn Fryslân ûndersykje op hokker wize ek yn de takomst regionale sjoernalistyk garandearre en ynnovearre wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)