"Gjin betrouwen yn Huzenacht"

14 okt 2014 - 12:43

De feriening fan makelers yn Fryslân ferwachtet net folle fan de nasjonale Huzenacht. Albrecht Kok fan de Fryske NVM sjocht dêr it foardiel net fan yn. Neffens him binne der genôch oare mooglikheden om yn de kunde te kommen mei in hûs.

De nacht wurdt freed holden op inisjatyf fan in grutte fersekerder en hypoteekferstrekker. Doel is dat minsken in nacht sliepe kinne yn har potinsjele nije hûs. Neffens Kok dogge der mar sa'n 60 huze-eigeners yn Nederlân mei. Yn Fryslân is dat der ien yn Koudum. De makelersferiening stiet net achter de aksje.

De iennige wenning dy't yn Fryslân dielnimt oan de nasjonale Huzenacht is it hûs fan Wieger en Grietsje de Boer yn Koudum. Harren wenning stiet al 4,5 jier te keap. Troch mei te dwaan oan de Iepen Huzenacht hopet it stel dat der wat mear belangstelling foar it hûs komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)