Nije takomst Twentsk skip

De Harnzer skipswerf Scheepsbouw & Reparatie Friesland (SRF) wol in 100 jier âld skip wer ynsette foar fartochten mei probleemjongeren. It sylskip De Tukker wie in begryp yn Twente en waard jierrenlang brûkt foar dit soart fartochten. Mar de Twentske jeugdsoarchynstelling Jarabee dy't De Tukker brûkte, hat it skip in jier lyn ferkocht oan SRF, omdat de finânsjes it net mear ta lieten.
De eardere bemanning fan De Tukker besiket jild op te heljen om it skip wer te hieren fan de SRF. Dy wol dêr bêst oan meiwurkje.
De oankeap fan it skip, in saneamde 'schoeneraak', wie eins in ympulsoankeap. Der binne noch mar in pear fan dizze skippen op de wrâld. SRF betelle in ton foar it skip, mar it moat noch wol foar tonnen opknapt wurde.
Binnen seis wiken moat de skipswerf dúdlikheid ha om De Tukker op tiid klear te meitsjen foar it nije farseizoen. Oars wurdt it skip nei alle gedachten trochferkocht of krijt it in oare bestimming.