Libje as in proffuotballer

14 okt 2014 - 12:30
  • De nije stjerren krije training fan trainers fan de Ajax fuotbalskoalle
  • De fuotballerkes krije mediatraining

Op Sportpark Wiarda yn Ljouwert krije 138 fuotballerkes tiisdei en woansdei de kâns om te libjen as in proffuotballer. By fuotbalferiening Blau Wyt '34 stean beide dagen yn it ramt fan Libje as in prof.

De dei begjint mei in kontraktûndertekening. Dêrnei krije de bern training fan trainers út de Ajax fuotbalskoalle. Ek krije de fuotballerkes mediatraining, wêryn't se leare om fragen oer de priveesituaasje net te beäntwurdzjen. De dei einiget mei in transfermerk. Dêrop kinne de fuotballers harsels foar miljoenen ferkeapje oan oare klups.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)