Trochgong by spoar Feanwâlden
Fan woansdei ôf starte wurklju mei it pleatsen fan de trochgong ûnder it spoar by Feanwâlden. De trochgong wurdt ynskood op it plak dêr't De Sintrale As ûnder it spoar Ljouwert-Grins trochgiet. De wurksumheden duorje oant en mei snein 19 oktober.