Twa fuotgongers swier ferwûne

By it ûngelok waarden fiif fuotgongers oanriden © Anton Kappers
Twa fan de fiif minsken dy't moandei ferwûne rekken by it ûngelok op it Beursplein yn Ljouwert binne swier ferwûne. It giet om in man fan 49 en in frou fan 45 jier út De Knipe. Harren 16-jierrige soan en in man fan 73 jier út Wergea rekken minder slim ferwûne. Alle fjouwer binne nei it sikehûs brocht. In 53-jierrige man út de gemeente Littenseradiel koe troch ambulânsepersoniel op it plak fan it ûngelok behannele wurde.
Moandei ried in 73-jierrige man út Harns yn op de fiif fuotgongers. De Harnzer is nei ferhoar frijlitten.
De 73-jierrige bestjoerder út Harns ried tsjin it ferkear yn oer de brêge by it Beursplein en skepte dêrby de fiif fuotgongers. Dêrnei botste er tsjin in oare auto en kaam dêr ta stilstân. Moandeitemiddei die bliken dat Harnzer mei tefolle drank op efter it stjoer siet. Ut in blaastest die bliken dat er 300 ugl. blaasde.