Litouwer fertocht fan ynbraken

14 okt 2014 - 08:41

De plysje hâldt in 28-jierrige man út Litouwen ferantwurdlik foar 17 wenningynbraken. Hy bruts ûnder oare yn yn Kollum, Dokkum en Feanwâlden. Dêrneist wie er aktyf bûten de provinsje. De man naam by syn ynbraken ek trije kear in auto mei. Dêrmei tankte er seis kear sûnder te beteljen.

De Litouwer waard 15 augustus al oanholden en sit sûnt dy tiid fêst. Hy moat ynkoarten foar de rjochter ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)