Tophynst Bubalu wer yn Fryslân

13 okt 2014 - 21:54

Tophynst Bubalu út Bears komt werom op Fryske boaiem. Eigener Wiepke van de Lageweg hat besletten om Bubalu yn te setten as dekhynst. It hynder ried jierrenlang wedstriden mei de Grinzer ruter Jur Vrieling. En mei sukses. Hy waard ferskate kearen wrâldkampioen en wûn sulver op de Olympyske Spelen.

De eigener fan Bubalu wol de tophynst no ynsette foar de fokkerij om sa mear wedstriidhynders foar de takomst te fokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)