Soarch om deade seehûnen

Seehûn © ANP
Meiwurkers fan seehûnekresj yn Pieterburen meitsje harren soargen oer it feit dat de ôfrûne dagen yn it Dútske Waadgebiet tsientallen deade seehûnen fûn binne. It is neffens in wurdfierder opmerklik dat der ûnder de deade bisten ek in soad folwoeksen eksimplaren binne. Meastentiids giet it om dizze tiid hinne om jonge bisten dy't yn de simmer berne binne.
De deade bisten wurde no ûndersocht. De meiwurkers fan Pieterburen hâlde dêr kontakt oer mei harren Dútske kollega's. Sa kinne se, as it needsaaklik is, op 'e tiid maatregels nimme.