Klokkespul Harns opknapt

13 okt 2014 - 20:45

Der wurdt hurd wurke om it klokkespul fan it stedhûs fan Harns foar Sinteklaas klear te krijen. De 26 klokken wurde skjinmakke troch de Koninklijke Klokkengieterij Eijsbouts út Asten (Brabân). De lytse klokken gean nei it fabryk, mar de grutten bliuwe yn de toer en wurde dêr skjinmakke. Fierders wurde de balken dêr't de klokken oan hingje ferfongen. De izers binne ferrustke en wurde ferfongen. Der komt boppedat nije dakbedekking op de toer. As alle klokken begjin desimber wer teplak hingje, wurde se stimd.

Trefwurden: 
Harns stedhûs klokkespul
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)