Ferwûnen by ûngelok Wetsens

13 okt 2014 - 19:50

By in ûngelok op de Roptawei by Wetsens binne moandeitemiddei trije minsken ferwûne rekke. De bestjoerder fan in auto kaam fan Dokkum en rekke de macht oer it stjoer kwyt. De auto kaam earst yn de berm telâne en bedarre fia it fytspaad op de kop yn de sleat. De trije ynsittenden, neist de bestjoerder sieten der twa bern yn de auto, waarden troch omstanners út de auto helle. De trije slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)