Kâns op brân yn Fryslân grut

13 okt 2014 - 17:32
  • De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits

De kâns op brân yn Fryslân is tweintich prosint heger as it lanlik gemiddelde. Dat meldt it Verbond van Verzekeraars. Sy ha it tal brânklaims yn de perioade 2009-2013 tsjin it ljocht holden. Dêrút die bliken dat der faker brân op it plattelân is as yn de stêd. Dat komt trochdat in brân op it plattelân minder rap ûntdutsen wurdt, sa tinkt it Verbond.

Provinsjes mei in soad stêden sitte fier ûnder it lanlik gemiddelde en provinsjes lykas Fryslân der boppe. Yn Noard-Brabân, Limboarch en Grinslân leit it tal brannen noch heger as yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)