Hannelers foar ôfskaf babypylk

Fryske fjoerwurkhannelers steane efter de oprop fan de belangeferiening Pyrotechniek Nederlân om de 'babyfjoerpylken' ôf te skaffen. Neffens Taeke Brouwer fan Vuurwerkgigant yn Frjentsjer sjogge de pylkjes der ûnskuldich út, mar binne se gefaarlik om't se ferkeard brûkt wurde. Jongeren lizze de pylkjes op de grûn of sjitte se op mekoar. Dit soarget foar in soad ûngelokken.
Yn it MCL waarden de ôfrune jierwiksel mar leafst tolve minsken mei fjoerwurkferwûnings opnaam. Dêrom pleitet Pyrotechniek foar in folsleine ôfskaf fan de babypylk.
Neffens de belangeferiening moat de kar foar it wol of net ferkeapjen fan babyfjoerpylkjes net by de hannelers sels komme te litten, om't der dan ûnderlinge konkurrinsje ûntstiet.