Epke huldige op It Hearrenfean

13 okt 2014 - 16:24
  • Epke Zonderland

Epke Zonderland krijt kommende freed in bysûndere ûntfangst yn Sportstêd Hearrenfean. Oanlieding is de gouden medalje dy't Epke dit wykein helle op it WK yn Sina. Epke is op dit stuit ûnderweis en komt tiidsdeitemoarn betiid oan op Skiphol.

Kommende freed is der in besletten byienkomst, dy't organisearre wurdt troch sportstêd en de gemeente, dêr't neist Epke ek oare minsken dy't bydroegen hawwe oan it sukses yn it sintsje set wurde. In iepenbiere huldiging stiet net op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)