KNV wiis mei beslút taksy-saak

13 okt 2014 - 16:07

Wurkjouwersferiening Koninklijk Nederlands Vervoer (KNV) is bliid mei de útspraak yn de saak tusken taksybedriuw Oenema en soarchgroep Alliade. De rjochter bepaalde moandei dat Alliade fiif ton betelje moat oan Oenema. Alliade woe net betelje om't se Oenema fertinke fan sjoemeljen.

De KNV is bliid dat de rjochter net akkoart giet mei de wurkwize fan Alliade. Neffens de feriening soe in taksybedriuw net wis wêze fan syn bestean as opdrachtjouwers jierren nei it beteljen en kontrolearjen fan rekkens hjir efterôf noch op werom komme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)