Alliade: "Utspraak hiel soer"

13 okt 2014 - 13:51
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

It is 'hiel soer' dat soarchgroep Alliade de rjochtsaak tsjin taksybedriuw Oenema op It Hearrenfean ferlern hat. Dat seit wurdfierder Gerard Akkerman fan Alliade. Neffens him binne der wol deeglik oanwizings dat der flaters makke binne by de deklaraasje fan taksyritten.

De rjochtbank bepaalde moandei dat Alliade fiif ton betelje moat oan Oenema. Alliade hie dat bedrach efterhalden, omdat it idee bestie dat Oenema te folle deklarearre. De advokaat fan Oenema is hiel bliid dat Alliade dochs betelje moat en hopet dat de saak no út de wrâld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)