"Epke kin noch better wurde"

Wrâldkampioen Epke Zonderland kin noch better wurde. Dat tinkt turntrainer Tjalling van den Berg. Neffens him binne in hiel soad manlike turners boppe de tritich jier pas op harren absolute top. Epke is no 28 jier.
Epke waard snein foar de twadde kear wrâldkampioen op de rekstôk by it WK turnjen yn Sina. Ek is er al Europeesk kampioen en Olympysk kampioen. Epke wol syn titel oer twa jier by de Olympyske Spelen yn Rio ferdigenje. Fierder wol de Lemster turner ek mei it Nederlânske team sa fier mooglik komme yn de kwalifikaasje foar Rio 2016.