Meldpunt oer soargen thúshelp

Ynwenners fan de gemeente Dongeradiel meitsje harren grutte soargen om in brief fan it kolleezje oer it skrassen fan de thússoarch. Om de klachten fan de ynwenners yn kaart te bringen, hat Dongeradiel Sosjaal in sosjaal meldpunt oprjochte. Dêr binne al in soad klachten binnenkaam.
Neffens Jouke Douwe de Vries fan Dongeradiel Sosjaal is it foar in soad minsken ûndúdlik wat der no krekt barre sil en hoe't it fierder moat mei de thússoarch. It meldpunt moat in oersjoch jaan fan de aard fan de klachten en it oantal.