Ibis fynt dreamplak yn Sumar

Op de leechsteande skipswerf fan Damen Shipyards yn Sumar wurdt wer wurke. De loadsen oan it wetter wurde ferhierd oan lask- en konstruksjebedriuw Ibis. Ibis makket ûnderdielen fan skippen, stielen keunstwurken en renovearret skippen.
It bedriuw hat de lêste jierren op ferskate plakken yn de provinsje sitten, mar in soad plakken wiene net geskikt om't it bedriuw perfoarst oan it wetter sitte woe. No't der mear romte is, wol Ibis ek úteinsette mei de bou fan binnenfeartskippen. Doel is om it 15-tal meiwurkers yn de takomst te ferdûbeljen.