"Boeren bepale greidefûgellân"

13 okt 2014 - 11:47

It bestjoer fan de Fryske ôfdieling fan LTO Noard fynt dat boeren sels bepale meie oft se it lân greidefûgelfreonliker meitsje. Foarsitter Geert Kooistra reagearret dêrmei op in oprop fan foarsitter Rendert Algra fan it BFVW.

It bûn fan Fryske Fûgelwachten wol dat der mear maatskiplik ferantwurde buorke wurdt. Dat betsjut ûnder oare dat boeren op syn minst 5 prosint fan it lân greidefûgelfreonlik ynrjochtsje. Kooistra is fan betinken dat nij mienskiplik lânboubelied agrariërs folop mooglikheden jout om oan agrarysk natuerbehear te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)