Koster tefreden oer Mediawet

13 okt 2014 - 11:05

Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is "rûchwei tefreden" oer de nije Mediawet dy't steatssekretaris Sander Dekker moandei presintearre. Dêryn stiet ûnder oare dat de yntegraasje fan de regionale stjoerders mei de NPO fan de baan is. Ek soenen der mear regionale items op lanlike stjoerders te sjen wêze moatte.

Dekker fynt dat de posysje fan de regionale sjoernalistyk hieltyd wichtiger wurdt, om't provinsjes en gemeenten mear taken krije fan it Ryk. Wol moatte de regionale omroppen efter de skermen mear gearwurkje om kosten te besparjen.

Koster is lykwols noch net tefreden oer de posysje fan de Fryske taal yn de nije Mediawet. Dêroer sil er noch yn petear mei Den Haach.

De Twadde Keamer hat in brief krige fan steatssekretaris Sander Dekker oer de nije Mediawet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)