Prakken yn Opsporing Verzocht

13 okt 2014 - 08:23

It bedriuw Prakken Edelmetaal út Aldeholtpea is takom wike tiisdei te sjen yn Opsporing Verzocht. Op 1 maaie fan dit jier wie der in ynbraak by it metaalbedriuw. Dêrby is in klûs weinaam.

Yn de útstjoering fan Opsporing Verzocht is te sjen wêr't de klûs werom fûn is en hokker rûte de ynbrekkers riden hawwe. Ek wurde der bewakingsbylden fan de ynbraak sels toand. Opsporing Verzocht wurdt tiisdei om 20.30 oere útstjoerd op NPO1.

Prakken Edelmetaal hat in fideo fan de ynbraak op YouTube setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)