Dronken man betrape op It Fean

13 okt 2014 - 06:12

Op It Hearrenfean is sneintejûn in automobilist betrape dy't mei drank op efter it stjoer siet. De plysje krige in melding binnen oer in fertochte auto op de dyk It Mear dy't sûnder ljochten oan yn de berm stie. Doe't de plysje by de auto kaam, ried de man slingerjend fuort. Hy koe oan de kant setten wurde.

Ut in blaastest die bliken dat de bestjoerder te folle dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)