"Noed oer ûnrêst taksywrâld"

12 okt 2014 - 17:20

Brancheferiening Koninklijk Nederlands Vervoer (KNV) makket him soargen oer de ûnrêst yn de taksywrâld. Moandei is de útspraak yn it koart pleit dat taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean oanspand hat tsjin soarchgroep Alliade. Oenema driget fallyt te gean as Alliade net in heal miljoen euro betellet foar it hendikepteferfier. Alliade beskuldiget Oenema fan fraude mei de rydtiden.

Dit soarte fan konflikten sjocht de KNV yn it hiele lân. De KNV wiist opdrachtjouwers op it belang dat se der sels by ha dat ferfierders rûn komme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)