Wer gjin punten foar FVC

De fuotballers fan FVC slaggen der snein op 'e nij net yn de earste punten fan it seizoen te pakken. De Ljouwerters ferlearen mei 3-1 fan koprinner Rohda Raalte. Op eigen fjild sette Ralph Wietses nei in kertier spyljen de iepeningstreffer op it boerd. Op slach fan rêst waard it 1-1.
FVC moast nei it skoft mei tsien man fierder nei read foar Wietses. Rohda Raalte profitearre optimaal fan de man-mear-situaasje troch yn de 78e minút de 2-1 op it boerd te setten. Dêrmei wie it ferset brutsen en koenen de gasten út Raalte útrinne nei 3-1.
De ploech fan trainer Bert Hollander stiet nei 6 wedstriden noch altyd puntleas ûnderoan yn de sneinshaadklasse C.