Snitsers winne fan Quick '20

12 okt 2014 - 16:01
  • Age Hains Boersma fiert syn treffer

Snits Wyt Swart Boso pakte snein in 2-1 oerwinning op Quick '20. Yn Oldenzaal kamen de Snitsers nei 20 minuten spyljen op efterstân. Fiif minuten foar rêst kopte Age Hains Boersma de lykmakker yn it net en brocht de stân by skoft op 1-1.

Nei rêst moast it publyk lang wachtsje op de beslissende treffer. Dy foel tsien minuten foar de ein en kaam op 'e nij op namme fan Boersma, dy't mei syn twadde kopbal de einoerwinning foar de Snitsers oer de streek luts.

De ploech fan trainer Berry Zandink sammele nei 6 wedstriden spyljen 13 punten en stiet op it twadde plak yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)