Wettersteuring wer ferholpen

12 okt 2014 - 13:23
  • Yn De Mienthe wie ek gjin wetter

Bewenners fan De Gordyk en omkriten hienen om it middeisoere hinne allegear wer wetter. Sneintemoarn om acht oere hinne wie yn Súdeast Fryslân in grutte wettersteuring. By Aldhoarne yn de Tjongerfallei wie in breuk yn de transportlieding ûntstien. Dêrtroch kaam yn in sirkel fan sa'n tsien kilometer om it lek hinne gjin wetter út de kraan.

By wen- en soarchsintrum De Mienthe op De Gordyk koene bewenners net ûnder de dûs, mar waarden se fersoarge mei kant-en-kleare fochtige waskhantsjes. Ek it setten fan kofje en tee wie dreech.

Vitens hat it lek makke en warskôget dat der earst mooglik brún wetter út de kraan komme kin. Neffens it wetterbedriuw is dat net skealik foar de sûnens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)